Mercurius bliuwt striidber

04 des 2013 - 11:13
  • Mercurius RTV

It bestjoer fan de Ljouwerter lokale omrop Mercurius is bot teloarsteld oer it beslút fan de gemeente om de útstjoermachtiging oan de nije stjoerder LEO te jaan. It kolleezje fan b. en w. hat it advys fan in ûnôfhinklik kertiermakker oernommen.

Mercurius-foarsitter Jouwert Gros is dêr net feruvere oer, mar wol der alles oan dwaan om de útstjoermachtiging en de 60 frijwilligers te behâlden foar de stjoerder. Kommende moandei sil de gemeenteried oer de machtiging prate.

De gemeenteried moat úteinlik oan it kommissariaat fan de media advys útbringe oft de besteande machtiging fan Mercurius ferlingd wurdt of takend wurdt oan LEO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)