Mooglik ekstra dykbewaking

It wetterskip Fryslân beslút tongersdei oft der ekstra dykbewaking nedich is yn ferbân mei de ferwachte stoarm. De stoarm wurdt tongersdeitemiddei ferwachte en komt út de rjochting west en súdwest, mei snelheden fan 100 kilometer yn de oere.
Boppedat sil it tongersdeitejûn op it Waad springtij wêze. It wetterskip hat syn meiwurkers op de Waadeilannen mobilisearre om klear te stean foar eventuele dykbewaking.