Speelwerk fallyt ferklearre

Berne-opfang Speelwerk út Meppel is fallyt. De organisaasje hat ek ferskate festigings yn Fryslân, benammen yn it súdwesten. It fallisemint is tiisdei útsprutsen. In grut part fan de pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken wurdt oernaam troch Doomijn út Zwolle.
De lokaasjes dy't net oernaam wurde bliuwe dizze moanne iepen. Der wurdt besjoen oft in trochstart mei lokale partijen mooglik is.
Reden fan it fallisemint binne de besunigings troch de oerheid, mar ek minder fraach nei opfang omdat âlden minder te besteegjen ha en omdat de befolking krimpt.