Vaatstra tsjinnet skeakleem yn

04 des 2013 - 06:05

Bauke Vaatstra easket fia de rjochter 250.000 euro fan de moardner fan syn dochter Marianne. De advokaat befestiget dat der in sivile proseduere oanspand is by de rjochtbank yn Ljouwert. Der is beslach lein op de pleats fan Jasper S. yn Aldwâld. It jild is foar in part bedoeld as smertejild. Neffens in saakkundige hat Vaatstra grutte psychyske skea oprûn.

Jasper S. waard earder dit jier feroardield foar de ferkrêfting fan en de moard op Marianne Vaatstra yn 1999. De sitting oer de skeafergoeding is op 22 jannewaris 2014.

Trefwurden: 
Bauke Vaatstra skeaclaim
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)