Boontjes lang om let útdjippe

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De baggerwurksumheden yn de fargeul de Boontjes tusken Harns en Koarnwertersân binne tiidei offisjeel oplevere. De fargeul hat no in djipte fan trije meter tachtich en in boaiembreedte fan hûnderd meter. Djipstekkende skippen moasten faak wachtsje op heech wetter om oer de sândrompel te kinnen. Dat probleem foar benammen de beropsfeart is no definityf oer. Der is jierren praat oer it útdjipjen fan de farrûte.