Holwerter mooglik langer fêst

In 69-jierrige ynwenner fan Holwert heart woansdei fan de rjochtbank yn Oerisel oft hy noch langer fêstsitte moat. De man wurdt fertocht fan grutskalige yllegale hannel yn grûnstoffen foar groeihormoanen. Mei syn 41-jierrige dochter út Drachten sit hy hjirfoar fêst. De twa binne ferline wike oanhâlden. De stoffen binne yn Nederlân en oare Europeeske lannen ferbean om't se in grut risiko foarmje foar de sûnens fan fee en it fleis foar konsuminten. In pear jier lyn waard de Holwerter ek al ris oanhâlden foar in selde fergryp.