Provinsje stipet ôfstudearden

03 des 2013 - 17:42

De provinsje lûkt fiif miljoen euro út foar in nije regeling om jonge ôfstudearde minsken oan in baan te helpen. 190 minsken dy't net langer as trije jier ôfstudeard binne kinne mei de regeling 'Talint foar Fryslân' in jier lang by in Frysk bedriuw of non-profit-ynstelling oan de slach foar 32 oeren yn de wike. Harren salaris wurdt dan út de Talint-pot betelle. De provinsje hat de 190 banen ferdield yn 105 foar MBO-ers, 55 foar HBO-ers en 15 foar ôfstudearde jongeren fan it wittenskiplik ûnderwiis.

'Talint foar Fryslân' is ien fan de earste projekten dy't mei de frijkommen Nuon-jilden finansierd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)