Fytser komt ûnder frachtwein

03 des 2013 - 16:44

By in ûngelok by it Europaplein yn Ljouwert is tiisdei in fytser om it libben kaam. Om wa't it giet is noch net bekend makke. It slachtoffer kaam op ien fan de tagongsdiken fan it plein yn botsing mei in frachtwein fan definsje. Hoe't dat koe is noch net bekend, de maresjesee yn Ljouwert docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)