Finnbogason werom by H'fean

03 des 2013 - 15:37
  • Alfreð Finnbogason

Alfred Finnbogason keart nei in blessuere oan syn boppeskonk werom by Sportklup Hearrenfean foar de wedstriid tsjin ADO Den Haach. De topskoarder fan de earedivyzje miste de lêste twa wedstriden tsjin PSV en Go Ahead Eagles. Dêrtroch sil nei alle gedachten Bilal Basacikoglu op de bank begjinne en spylje Van La Parra en Slagveer op de sydkanten. Joey van den Berg is skorst en Magnus Eikrem moat troch privee-omstannichheden werom nei syn heitelân Noarwegen. Joeri de Kamps hat dêrtroch in basisplak.

ADO Den Haach mist trije belangrike spilers: Danny Holla en Tom Beugelsdijk en Michiel Kramer binne skorst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)