Warskôging foar enerzjyferkeap

Heechspanningskabels © Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân warskôget har ynwenners foar ferkeapers dy't oan de doar komme en fertelle dat minsken koarting krije op in enerzjykontrakt. Dat soe kinne om't de gemeente in kontrakt ôfsletten hat mei it bedriuw dêr't de ferkeapers foar wurkje. Mar dat kloppet net, seit Súdwest-Fryslân. De gemeente hat gjin ôfspraken makke en as dat wol sa is, dan stiet it op har webside. Súdwest-Fryslân hat kontakt opnaam mei de enerzjybedriuwen.