Protte jongeren oan de XTC

Mear as de helte fan de jongeren dy't útgeane brûkt wolris ekstasy. En de pillen dy't se slokke, binne swierder en dus skealiker yn fergelyk mei in jier as wat lyn. Ek stappe jongeren hieltyd faker efter it stjoer wylst se ûnder ynfloed binne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Trimbos-ynstitút, dêr't ek Fryske jongeren oan meiwurke ha. Undersiker Ferry Goossens fynt benammen it riden ûnder ynfloed in slimme saak. Hy pleitet derfoar dat der yn lânlike gebieten, dêr dit benammen spilet, better iepenbier ferfier komt.