Twa otters deariden
Op de A6 by Eastersee binne moandei twa otters deariden. It giet om twa folwoeksen mantsjes fan 8 en 11 kilo. De otters lizze no yn Earnewâld dêr't se ophelle wurde troch de universiteit fan Wageningen. Dy docht ûndersyk nei it dna fan de bisten. Der binne dit jier al ferskate otters deariden op de Fryske diken. Neffens Germ van der Burg fan it Fryske Gea kin dit foarkaam wurde as der roasters pleatst wurde op gefaarlike oerstekplakken.