Topdrokte mei pakjes
Topdrokte dizze wike by it sortearsintrum fan PostNL yn Ljouwert. Se ha it twa kear sa drok as op oare dagen. Sa moatte der tiisdei allinnich al hast 25.000 Sinteklazekado's besoarge wurde. Dêrfoar binne ekstra sjauffeurs ynhierd. Hieltyd faker wurde de kado's fia it ynternet besteld. It sortearsintrum yn Ljouwert is fan 't maitiid iepene. De measte pakketsjes wurde yn Fryslân rûnbrocht.