Rút skjinmeitsje: botsing

Plysje © Omrop Fryslân
In 20-jierrige ynwenner fan Ingelum is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ferkearsûngelok op de N31 yn Marsum. De man botste by it skjinmeitsjen fan syn autorút op in auto foar him. Dizze auto, fan in 56-jierrige ynwenster fan Frjentsjer, skeat troch de klap de oare rydstrook op en botste dêrby op in tsjinlizzer. De 20-jierrige automobilist is oerbrocht nei it sikehûs. De oare slachtoffers kamen mei de skrik frij.