Deade is fermiste frou

03 des 2013 - 10:19

De persoan dy't moandei dea fûn waard yn in auto yn it wetter by de Lorentzkade yn Ljouwert is de fermiste Marretje Huisman. Dat hat de plysje bekend makke. De plysje giet net út fan in misdriuw en hat it ûndersyk sletten.

Huisman (59) wie al sûnt begjin oktober fermist. Har famylje die ferskate oproppen yn de media. De auto fan Huisman waard moandei by baggerwurksumheden yn it Van Harinxmakanaal ûntdutsen. Marretje Huisman is de dochter fan skilder Jopie Huisman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)