Jild foar Ecomunitypark

It bedriuw ECOstyle út Appelskea hat 2 ton krigen fan AgentschapNL foar de realisaasje fan it Ecomunitypark by Easterwâlde. Dit park moat it earste duorsume bedriuweterrein fan Nederlân wurde. It giet dan om materiaal- en enerzjygebrûk en om de leefberens yn gebouwen en de omjouwing.
Der komme ûnder oaren in beek, ferskate puollen, en spesjale beplanting foar fûgels en reptilen. Direkteur Anne Jan Zwart tinkt dat de oanlis binnen no en twa wiken úteinset.