Fier set 'Loesje' yn by aksje

Fier Fryslân komt yn aksje tsjin minskehannel en twongen prostitúsje. De hiele wike sil de stifing dêrfoar posters fan Loesje ophingje yn Ljouwert. It giet om in lanlike aksje dêr't in soad organisaasjes by belutsen binne. Direkteur Anke van Dijke fan Fier seit dat minskehannel in grut probleem is en ek yn Nederlân foarkomt.
Oer de hiele wrâld soene sa'n 30 miljoen slaven libje. Spesjaal foar dizze aksje is in webside lansearre: www.samentegenmensenhandel.nl. Moandei hat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert de earste poster ophongen.