LTO: fluch petear oer guozzen

03 des 2013 - 06:00
  • Pauguozzen

De Fryske ôfdieling fan LTO Noard wol noch dizze wike yn petear mei de provinsje oer de oanpak om skea troch simmerguozzen tsjin te gean. Dat seit bestjoerslid Peet Sterkenburg nei oanlieding fan it it mislearjen fan it saneamde Guozze-akkoart fan de provinsjes en natoer- en lânbou-organisaasjes.

Neffens Sterkenburg is it akkoart sneuvele om't der gjin oerienkomst wie oer hurde doelstellings om skea dy't guozzen feroarsake tsjin te gean. LTO wol gau om tafel mei provinsje en natoerorganisaasjes om nije ôfspraken te meitsjen foar takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)