Ferlies foar Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de derby tsjin Jong FC Grins mei 1-0 ferlern. Yn de fiifde minút makke David Texeira foar Grins it earste punt. Hearrenfean krige foar rêst net folle kânsen. Yn de twadde helte krige Daniel Geissler noch de mooglikheid om te skoaren, mar miste de goal. Mei in 0-1 einútslach stiet Jong Hearrenfean no fiif punten efter koprinners Jong FC Grins en Jong Heracles.