De Pluim foar Antonius-sikehûs

© Omrop Fryslân
De gynekology-ôfdieling fan it Antonius-sikehûs yn Snits hat moandei De Pluim oerlange krigen fan pasjinteferiening Freya. De Pluim is in ûnderskieding dy't jierliks útrikt wurdt oan gynekology-ôfdielings fan sikehuzen dy't foldogge oan de kwaliteitseasken fan Freya. It giet om saken lykas de kwaliteit fan de soarch en omtinken foar de pasjint en har partner.
Ek 41 oare Nederlânske sikehuzen en kliniken dy't fruchtberheidsbehannelings oanbiede, hawwe in eksimplaar fan De Pluim krigen.