Meldpunt pleechsoarch iepene

02 des 2013 - 16:01

It ûnôfhinklik meldpunt foar de pleechsoarch yn Fryslân is moandei offisjeel begûn. Pleechâlders, pleechbern, mar ek helpferlieners yn de pleechsoarch kinne foar klachten kontakt opnimme mei it meldpunt. Dit kin telefoanysk en fia de website www.meldpuntpleegzorgfryslan.nl. It meldpunt is opset om't klachten no faak direkt nei de pleechsoarch-ynstelling geane dêr't in klacht oer giet. It meldpunt is der kaam op fersyk fan Provinsjale Steaten. Alle klachten dy't no by it meldpunt binnenkomme wurde anonimisearre nei de steatefrakskjes stjoerd.

Trefwurden: 
Meldpunt pleechsoarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)