Leeljekwekers yn noed

02 des 2013 - 15:41
  • Leeljebollen op bân
  • Fjild leeljes Steggerda
  • Fjild leeljes

Leeljekwekers driigje Nederlân te ferlitten as der in ferbod komt op it bestridingsmiddel metan-natrium, ek Monam neamd. Dat seit Durk Osinga fan belange-organisaasje Koninklijke Algemeene Vereeniging voor Bloembollencultuur. Oer it middel wurdt praat no't der sûnensklachten binne by omwenners fan leeljefjilden, ûnder oare by Aldemardum. It ryk wol it brûken fan it middel mooglik oan bannen lizze, mar wachtet earst de konklúzje fan de sûnensried ôf. Dy docht op dit stuit ûndersyk nei it bestridingsmiddel komt begjin takom jier mei in advys.

Der binne wol alternativen, mar dy binne faak djoer of dreech te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)