Fûgels telle yn Oman

Twa Friezen sille dizze moanne nei it Arabyske Oman ta om dêr fûgels te tellen oan de kust. It giet om in soarte fan Waadgebiet dêr't ûnder oare in soad fûgels út Mongoalië en Sibearië komme. Oman wol de natoer beskerme, mar om der in natoergebiet fan te meitsjen, moat wol dúdlik wêze watfoar fûgels oft der sitte en hoefolle. Bûtenlânske fûgelsaakkundigen, lykas Romke Kleefstra fan Sovon, kaam yn byld om't er ûnder oare de koördinaasje fan de fûgeltellings yn it Waad docht.