Anita Andriesenpriis foar DBF

02 des 2013 - 13:13
  • Anita Andriesenpriis foar DBF

Stichting DBF fan de Aerdenpleats yn Aldebiltsyl hat moandei de Anita Andriesenpriis foar Romtlike Kwaliteit krigen. De provinsjale priis is foar de twadde kear útrikt. It tema fan de priis wie dit jier werstrukturearring en transformaasje. Doarp en Bedriuw Fryslân hâldt him dwaande mei leefberensprojekten. It winnende projekt, de Aerdenpleats, is in moetingsplak foar minsken út it doarp. De sjuery is sjarmearre fan DBF om't sy stribje nei in libben en leefber plattelân yn Fryslân en dêr minsken foar aktivearje en stimulearje.

Martin Cnossen fan Stichting DBF is grutsk op de priis. De priis is in moaie kâns om oandacht te krijen foar wat it bedriuw út 'e wei set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)