Stroomsteuring yn Aldtsjerk
Aldtsjerk, Readtsjerk en Mûnein hawwe moandeitemoarn in stroomsteuring hân. Hast 2500 húshâldens wienen troffen. Oer de oarsaak fan de steuring koe netbehearder Liander noch neat sizze. De steuring wie tsjin twa oere wer ferholpen.