Frou oppakt mei GHB en speed

02 des 2013 - 11:32

De plysje hat snein in 31-jierrige frou út Skarsterlân oppakt foar besit fan GHB en speed. De plysje seach de fertochte riden op in bromfyts op de Lemmerwei yn Sint Nyk en sette har oan de kant. De frou hie gjin rydbewiis en de skooter wie ek net fersekere. Doe't de plysjeminsken de bromfyts yn beslach nommen, besocht de frou de drugs te ferstopjen. Dêrop is se oanhâlden.

Trefwurden: 
plysje drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)