Bou Glêzen Hûs Ljouwert begûn

Op it Saailân yn Ljouwert is moandei begûn mei de bou fan it Glêzen Hûs foar de grutte aksje Serious Request. Fan 18 oant en mei 24 desimber is dat it sintrale punt foar de grutte jildynsammelaksje fan radiostjoerder 3FM en it Reade Krús. De dj's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering slute har dizze dagen op yn it Glêzen Hûs. Se ite net en meitsje 24 oere deis live radio en televyzje. It jild giet dit jier nei it bestriden fan diarree by lytse bern, it gefolch fan it tekoart oan skjin drinkwetter, sjippe en húskes.
Njonken de lokaasje op it Saailân komt der ek noch in saneamde 'Back Stage Area' op it parkearterreintsje tusken De Harmonie en it gerjochtsgebou. Dat sil benammen brûkt wurde foar catering, produksje en befeiliging.