Oare situaasje Werpsterhoeke

It ferkear moast moandeitemoarn flink wenne oan de nije situaasje by de Werpsterhoeke. De situaasje is sûnt freed hielendal feroare. Der binne nije rotondes en de ôfslaggen binne allegear feroare. Dit soarge foar lange files. Ek op de slûprûte troch Wurdum stie it ferkear twa oeren lang sa fêst as in hûs. Neffens Rykswettersteat is it saak dat de automobilisten op tiid fan hûs geane en har net tefolle ôfliede litte troch de nije situaasje. Mei buorden oan de dyk wurdt advisearre om de navigaasje út te setten.
Doarpsbelang Wurdum makket him grutte soargen en sil moandeitejûn op de bestjoersfergadering oer de situaasje prate.