Desepsje foar Snits Wyt Swart

01 des 2013 - 16:12

In desepsje snein foar Snits Wyt Swart Boso dat mei 2-2 lykspile tsjin koprinner Hercules. Op eigen fjild sette Freerk de Jong al nei 3 minuten de iepeningstreffer op it boerd. Erolind Derguti wreide de marzje út nei 2-0.

Nei rêst setten de gasten út Utrecht mear druk en foel yn de 60e minút de 2-1. De wedstriid ûntaarde yn in hurde striid, wêrnei't de skiedsrjochter besleat de wedstriid stil te lizzen. Nei de ûnderbrekking krigen Jorrit Schuurmans en Daniël Bennik read. Hercules profitearre optimaal troch yn ekstra tiid de 2-2 te meitsjen.

Troch it lykspul komme Hercules en Snits Wyt Swart op likense hichte. Beide ploegen sammelen oant no ta 21 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)