Fûgels mei útstjerren bedrige

01 des 2013 - 15:07
  • Protters

Hieltyd mear Fryske fûgelsoarten komme yn 'e gefaresône. Nei de skries en de mosk driigje ek de ljip, de strânljip, de protter en it wetterhintsje op de reade list foar fûgels te kommen dy't mei útstjerren bedrige wurde. Dat docht bliken út in nije warskôgingslist dy't gearstald is troch de fûgelbekerming yn gearwurking mei Sovon, in organisaasje foar fûgelobservaasje.

De beide organisaasjes hawwe de list, dy't de kleur oranje krige hat, gearstald om earder yn byld te krijen mei hokker fûgels it mis driget te gean.

De organisaasjes hoopje dat der noch wat oan te dwaan is. Fûgels dy't op de reade list telâne komme, binne eins net mear te rêdden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)