Kramer giet Ritsma foarby

01 des 2013 - 14:28

Sven Kramer is Rintje Ritsma foarbygien as súksesfolste Nederlânske reedrider yn de wrâldbeker. Kramer helle snein yn Astana syn 30e wrâldbekeroerwinning. Ritsma hat yn syn karriêre 29 bekeroerwinnings yn 'e wacht sleept.

Kramer wûn snein by de wrâldbekerwedstriden yn Astana mei oermacht de 10 kilometer. Hy klokte in winnende tiid fan 13.02.38 en liet dêrmei de nûmer twa Alexis Contin fier achter him. Contin ried 13.14.64 en wie dêrmei goed 12 sekonden stadiger as Kramer. It brûns wie foar de Dútser Patrick Beckert mei in tiid fan 13.18.73.

BAM-reedriders Jorrit Bergsma en Bob de Jong, Kramer syn grutste konkurrinten, wiene der net by yn Astana. Sy binne yn de oanrin op de Olympyske Spelen yn Sotsji op trainingskamp yn Tenerife. Mei 300 punten giet Kramer fier oan kop yn de wrâldbekerstân.

Troch de oerwinning fan snein is Kramer der wis fan dat er by de Olympyske Spelen yn de lêste rit fan start gean mei op de 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)