Kapenga keapet meubels Zwette

De famylje Kapenga, eigeners fan meubelgigant Homecenter yn Wolvegea, kriget stadichoan de hiele meubelhannel yn de provinsje yn hannen. Nei de oername fan it meubilêr fan it fallite Resi Wooncentrum en Mulder Meubelen hat Kapenga no ek it guod fan Zwette opkocht en mei koarting op de merk brocht.
Zwette Meubelen yn Ljouwert kin it net mear bolwurkje en docht takom maaitiid de duorren definityf ticht.
Mei Homecenter giet it noch hieltyd goed, seit Piet Kapenga, ien fan de eigeners. Neffens him wolle minsken net mear nei lytse meubelsaken, om't se dêr net yn ien kear slagje kinne en dêr net genôch te dwaan is. Meubels keapje is krekt lykas winkelje yn oare grutte saken in soart rekreaasje wurden, fernimt er.