Autoslieper op A32

01 des 2013 - 12:36

De plysje hat sneintemoarn betiid op de A32 by Aldskoat in man wekker makke dy't op de flechtstrook yn 'e auto siet te sliepen. Al gau waard dúdlik dat de 22-jierrige bestjoerder ûnder ynfloed fan alkohol wie.

De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy moast dêr in blaastest dwaan. Doe die bliken dat er mear as seis kear tefolle dronken hie. Der is proses-ferbaal opmakke en syn rydbewiis is ynnaam.

Trefwurden: 
alkohol auto A32 sliepe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)