Weropbou seaddehûs ûnwis

01 des 2013 - 12:12

It is noch net wis oft it ynsakke seaddehûs yn Furdgum wer opboud wurde kin. Dat seit archeolooch Daniël Postma dy't de bou regele hat. Der binne in soad frijwilligers nedich en boppedat keallet it swier om op 'e nij subsydzjes te krijen.

It seaddehûs is in rekonstruksje fan huzen sa't dy yn de 8e ieu yn Fryslân stiene. It bousel sakke yn de nacht fan freed op sneon diels yn. Der sil ûndersyk dien wurde nei de oarsaak fan it ynsakjen. Net útsletten wurdt dat it tige wiete waar fan de lêste tiid dêrmei te krijen hat.

Trefwurden: 
seaddehûs Furdgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)