Feiling Eastermar: 8000 euro

01 des 2013 - 08:50

De doarpsfeiling foar de tsjerke fan Eastermar hat sneontejûn goed 8000 euro opbrocht. De sinten binne bedoeld foar de ynrjochting fan it tsjerkegebou op It Heechsân, dat yngeand restaureard wurdt.

Op de feiling koene de besikers ûnder oare biede op in fakânsje nei Sweden en It Amelân, mar ek op in fuotbalshirt fan Alfred Finnbogason. In groep frijwilligers is dwaande om de tsjerke op It Heechsân te ferbouwen. Der wie noch in tekoart fan 30.000 euro op de begrutting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)