Friezen drinke en roke tefolle

02 feb 2012 - 15:58

It tal Friezen dat tefolle drinkt en smookt nimt wol wat ôf, mar bliuwt eins fierste heech. Dat seit de GGD op grûn fan nij ûndersyk dat tongersdei iepenbier wurden is. 31 persint fan de Friezen drinkt regelmjittich fierste folle. 25 persint fan de Friezen stekt faak in sigaret op. Dat is 3 oant 4 persint minder as 5 jier ferlyn.

De GGD hat ek ûndersyk dien nei it drugsgebrûk. Dat nimt justjes ta de lêste jierren. 60 persint fan de Friezen is sels hiel ûntefreden oer syn eigen gewoanten en soe der wol wat oan dwaan wolle.

De GGD hopet yn de mande mei de ferslavingssoarch en gemeenten it tal drinkers en smokers nei ûnderen te bringen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)