Moandei oerlis Feanbestjoer

It stichtingsbestjoer en de ûndernimmingsried fan Sportklup Hearrenfean komme moandei byelkoar om te praten oer de situaasje by de klup. De twa partijen stean lyk foarinoar oer. De ûndernimmingsried hat witte litten de beneaming fan it nije bestjoer fan Hearrenfean net te stypjen. It stichtingsbestjoer, ferantwurdlik foar de nije direksje, wol de nije minsken sa gau mooglik presintearje. De ûndernimmingsried wol graach mei al it personiel it petear oangean mei it stichtingsbestjoer.
Moandei sille beide partijen om fjouwer oere om tafel.
Ynterim-direkteur Gaston Sporre sit dêr net by. Wol betreurt er it fuortgean fan Wiebe Wieling as stiftingsfoarsitter. "Heerenveen kan zich op dit moment geen puntverlies veroorloven. Wieling is een bruggenbouwer, die hadden we goed kunnen gebruiken." Fierder giet Sporre yn op de ferhalen dat de ynterim-direkteur sels langer sitte bliuwe wol. "Dat noem ik valse lucht. Ik blijf hier zo lang als nodig is. Als dat tot volgende week is, dan ben ik bij wijze van spreken weg."