Hearrenfean muoisum foarby GAE

Sportklup Hearrenfean hat in swierbefochten oerwinning behelle op Go Ahead Eagles. De ploech fan trainer Marco van Basten koe in 1-0 efterstân werombûge nei in 3-1 oerwinning.
Benammen de earste helte wie net goed. De Deventenaren krigen in pear kânsen en Erik Falkenburg skoarde krekt foar rêst de fertsjinne 1-0. Hearrenfean kaam goed út de klaaikeamer troch in goal fan De Roon. Hearrenfean sette troch en Pele van Anholt makke al frij gau de 2-1. Go Ahead Eagles krige mei Falkenburg noch wol in grutte kâns, mar Hakim Ziyech makke de 3-1.
Hearrenfean is no sechsde mei 22 punten út 14 wedstriden. Woansdei spilet Hearrenfean in ynhelwedstriid by ADO Den Haach.