Nijpels foarsitter by AvroTros

Ed Nijpels © ANP
Ald-kommissaris fan de keningin yn Fryslân Ed Nijpels is sneon keazen ta foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan de nije fúzje-omrop AvroTros. Nijpels hie de funksje ek al by de Tros. De ferieningsried fan de Avro en de lederied fan de Tros hawwe de fúzje fan beide omroppen sneon goedkard.
Nijpels neamt de Avro en de Tros twa omroppen fan 'histoaryske betsjutting'. Tegeare foarmje sy de omrop dy't it meast besjoen en wurdearre wurdt yn it publike bestel, sa seit Nijpels.