Gertjan Verbeek langer by AZ

02 feb 2012 - 15:40

Ald-Hearrenfean trainer Gertjan Verbeek hat syn kontrakt by AZ mei twa jier ferlinge oant july 2015. Klup en trainer binne tige tefreden meielkoar en wienen al in skoftke yn petear oer in nij kontrakt. Neffens Verbeek sprekt der in soad wurdearring út de nije oerienkomst. Verbeek is sûnt 2010 aktyf by AZ. Yn syn earste seizoen einige hy op it fjirde plak yn de kompetysje.

Dit seizoen wie syn ploech lang koprinner. Mar troch wat mindere resultaten yn de lêste wiken is de klup ôfsakke nei it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)