Oenema no fjirde op 500 meter

Thijsje Oenema yn aksje © ANP
Thijsje Oenema hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Astana har bêste prestaasje op de 500 meter fan dit seizoen delsetten. Yn in rjochtstreeks duel tsjin Laurine van Riessen klokte Oenema in tiid fan 37,98. Dy tiid wie lykwols krekt net goed genôch foar in poadiumplak.
Oenema einige as fjirde achter winneres Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä (37,32), de Dútse Jenny Wolf dy't twadde waard en de Russise Olga Fatkulina dy't it brûns pakte. Anice Das fan It Hearrenfean einige mei 38,67 op it 16e plak. Mayon Kuipers (38,74) waard 18e.
By de manlju waard Jesper Hospes mei syn tiid fan 35,09 achtste op de 500 meter. De poadiumplakken leine ôfgryslik ticht byinoar. De winst gong nei de Rus Artyom Kuznetsov mei in tiid fan 34,85. Syn lângenoat Dmitry Lobkov waard twadde mei 34,86. Ronald Mulder einige dêr flak achter as tredde mei 34,87. Jan Smeekens waard fjirde yn 34,97.