Pyt: "Yn jannewaris reedride"

Fan 't winter kinne wy reedride op natueriis. Dat seit waarman Pyt Paulusma yn syn jierlikse winterfoarsizzing. Desimber wurdt noch wat wikseljend, mar jannewaris wurdt de kâldste moanne mei temperatueren ûnder normaal.
Der binne ien of twa perioden mei stabyl en kâld winterwaar yn jannewaris. Dat is goed foar it natueriis. Febrewaris wurdt neffens Paulusma ek kâld, mar it waar is wol wat hinne en wer.