Sinteklaasdrokte yn winkels

It lêste wykein foar Sinteklaas betsjut faak grutte drokte yn de winkels. Op It Hearrenfean wie aardich wat folk en yn Ljouwert wurdt ek in soad folk ferwachte, yn it foarste plak by winkelplein De Centrale mei winkels lykas de Mediamarkt en Praxis. Neffens bedriuwslieder Age van Dijk fan de Mediamarkt wurdt fan healwei trijen ôf de grutste drokte ferwachte. Syn winkel is oant sneontejûn tsien oere iepen. Hy riedt minsken oan om nei seizen te kommen, want dan is it faak minder drok.
Snein binne de winkels yn Ljouwert ek iepen.