Earliker prizen sinnepanielen

De priis fan sinnepanielen wurdt earliker yn Europa. Dat seit eigener Johan Bakker fan it bedriuw Awison út Surhústerfean. Dat bedriuw pleatst en leveret sinnepanielen yn Fryslân. De lêste tiid kamen der goedkeape sinnepanielen út Sina. Dat wie neidielich foar Europeeske produsinten dy't net sa goedkeap leverje kinne. Yn augustus is dêrom in heffing kaam op de Sineeske panielen, mar no hat de Europeeske Uny besletten dat der ek in heffing komt op it glês fan de sinnepanielen.
De ekstra heffing soarget der net foar dat de sinnepanielen djoerder wurde foar Friezen.