Plannen Feanwâlden definityf

It is definityf dúdlik hoe't it nije sintrum fan Feanwâlden derút komt te sjen. Freedtejûn waarden de werynrjochtingsplannen presintearre troch doarpsbelang en de gemeente Dantumadiel. Der wurdt al jierren praat oer de oanpak. Fanwege ûnderhannelings mei ûnder oaren de eigener fan de Hubo hat it definitive plan lang op him wachtsje litten.
De bedoeling is dat Feanwâlden ûnder oare in fernijd sintrum en in nije multyfunksjonele akkomodaasje krijt. Der komme ek kavels foar minsken dy't in hûs bouwe litte wolle.