Konsept-plan Ofslútdyk klear

De Ofslútdyk © ANP
De provinsje Fryslân, de gemeenten Harns en Súdwest-Fryslân hawwe mei oare belutsen partijen in konsept fan it byldkwaliteitsplan fan de Ofslútdyk fêststeld. Dêr stiet de oanpak fan de dyk yn as it giet om duorsume enerzjy, natoer en rekreaasje en toerisme. It plan dat no presintearre is, moat derfoar soargje dat der in sterk totaalbyld ûntstiet foar de oanpak fan de Ofslútdyk. Ein 2014 wurdt it definitive byldkwaliteitsplan fêststeld.