Dit seizoen mear winst Cambuur

Gerald van den Belt, direkteur fan Cambuur, rekkenet der noch hieltyd op dat der yn it seizoen 2017/2018 in nij stadion stiet yn Ljouwert. Neffens Van den Belt bliuwt dat krúsjaal foar de takomst fan de klup. Cambuur helle yn it seizoen 2012/2013 in lytste winst fan 28.000 euro. Neffens Van den Belt wie it finansjeel in goed seizoen. Wol hie de winst folle heger west sûnder de preemjes foar it kampioenskip. Foar dit seizoen sil de winst heger útfalle. Hoefolle heger wol Van den Belt op dit stuit noch net sizze.