Doarpstsjerke Huzum oerdroegen

De protestanske gemeente fan Huzum hat de Huzumer doarpstsjerke freed foar 1 euro oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De Huzumer tsjerke is de 43ste tsjerke fan de stifting. It is foar it earst dat de stifting in tsjerke yn in stêd oernimt. De stifting makket foar Huzum in útsûndering omdat it om in hiel bysûndere tsjerke giet. Boppedat krijt de stifting ek in 'breidsskat' mei foar it nedige ûnderhâld oan de tsjerke.
In pleatslike kommisje ûnder lieding fan Peter de Haan wol lêzings en konserten yn de tsjerke organisearje.
Yn it earste wykein fan febrewaris sil de tsjerke iepen hûs hâlde mei kulturele bydragen fan benammen in soad Huzumers sels. De Huzumer doarpstsjerke is ien fan de âldste monuminten fan Ljouwert. De tsjerke hat in preekstoel fan foar de reformaasje, fjouwer 'hearebanken' en in Van Damoargel, dat it kommende jier restaurearre wurde sil. De tsjerke kin fan takommend jier ôf ek hierd wurde. Ek is it doel dat der noch op syn minst fjouwer kear yn it jier in earetsjinst organisearre wurdt.