'Skuld te folle by amtners'

29 nov 2013 - 17:31
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

It BING-rapport oer de lekte e-mail yn de gemeente Hearrenfean leit de skuld te bot by de amtners en net by boargemaster Van der Zwan. Dat seit ynterim-foarsitter Jan Hemminga fan Gemeentebelangen. Boargemaster Van der Zwan wurdt troch de ûndersikers út de wyn hâlden. Dat fynt Hemminga op syn minst opfallend.

Van der Zwan liet op 14 novimber amtners ûndersykje wat it e-mailferkear fan de wethâlders wie. Fertroulike ynformaasje út in e-mail wie earder nei de parse lekt. Bliken die dat mei kaam troch wethâlder Hartsuiker fan Gemeentebelangen.

Hartsuiker stjoerde de mail nei syn fraksjeleden en ien dêrfan stjoerde him troch nei de krante. Moandeitejûn sil dat rapport yn de gemeenteried fan Hearrenfean besprutsen wurde. Neffens Hemminga moat der gau wat dien wurde om de sfear yn de gemeenteried fan Hearrenfean te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)