Klachten oer swimbad Dokkum

29 nov 2013 - 15:30

De riedsfraksje fan Algemien Belang Dongeradiel (ABD) wol witte wat wier is fan de klachten dy't se krigen hawwe oer it Tolhúsbad yn Dokkum. It swimbad soe net skjin wêze en de temperatuer fan it wetter soe nei ûnderen brocht wêze. Dêrneist soene gasten de entreepriis te heech fine.

ABD-fraksjefoarsitter Braaksma hat wethâlder de Graaf frege om de klachten foar te lizzen yn in oerlis mei Optisport. Dat is it bedriuw dat it swimbad yn opdracht fan de gemeente Dongeradiel eksploitearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)